Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskekameleonfilm.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


Baas boppe baas diel 2


Baas boppe baas diel 2 (2008)

De famylje Baas wennet yn in doarpke earne yn de Fryske wâlden. Haadpersoan is Beant Baas, spile troch Rense Westra. Beant is fan it type eamelkont. Hy hat oeral wol in miening oer en hy kin dy miening kwyt yn syn kolumn yn it doarpsblêd. Beant wie drukker mar hy sit no thús omdat er ôfkard is om syn rêch. Hy is troud mei Joukje, spile troch Hilly Harms. Joukje komt út in boerefamylje. Sy is de neutralisearjende persoan en wit hiel lang de frede te bewarjen mar bytiden kin sy ek nuver út de hoeke komme. Dan is it ek mienens. Beant en Joukje hawwe in soan, Sjoerd, dy't feearts is. Doe't Sjoerd goed tsien jier ferlyn ôfstudearre koe hy de praktyk yn it doarp oernimme. Hy wie doe noch allinnich dat dêrom lutsen Beant en Joukje by him yn. Joukje die it hûshâlden en in part fan de administraasje fan de praktyk. Yn dizze prachtige DVD boks sitte trije DVD's mei yn totaal mar leafst alle 23 ôfleverings fan it twadde seisoen. Dat betsjut mar leafst 690 minuten Frysk drama.